Greidefûgelkennisdei ferbynt boeren en greidefûgelbehearders

21 mrt 2019 - 18:47

Hoe sjocht greidefûgelbehear der yn 2050 út? Dat is it tema fan de greidefûgelkennisdei dy't tongersdei organisearre waard troch de provinsje yn partysintrum 't Haske op De Jouwer. It doel fan dizze dei is om kennis te fersprieden.

It is ek de bedoeling om natuer- en agraryske organisaasjes It Fryske Gea, Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten, Kollektivenberied Fryslân, Dairy Campus en BFVW mei-inoar yn kontakt te bringen.

Inge van der Zee fan de organisaasje fan de Greidefûgelkennisdei

Der komt fierder ûndersyk nei de ynfloed fan de stienmurd en biologysk buorkjen kin hiel goed foar natuer en boerebedriuw wêze. Dat binne in pear saken dêr't de belangstellenden yn ferskillende sealtsjes ynformaasje oer krigen.

Dierekolooch Jasja Dekker oer de stienmurd

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Fierders gie it oer de nijste ûntwikkelingen yn neisoarch, lykas in drone dy't ynset wurde sil mei in waarmtekamera. Dy fynt piken, nêsten en oare bisten yn de greiden.

In soad fûgels, mear natuer, legere kosten en in hegere molkepriis. Dat makket it nijsgjirrich om biologysk te buorkjen en greidefûgels alle romte te jaan. Dat wie it boadskip fan Pytsje Bokma. Sy buorket op it eilân de Gouden Boaiem tusken Wâldsein en Heech. De kombinaasje melkfee en greidefûgels wurket dêr hiel bêst. De greidefûgels krije foarrang; it lân wurdt foar se oanpast. En dat docht fertuten.

Bioboer Pytsje Bokma op de Greidefûgeldei

(advertinsje)
(advertinsje)