Acht tsjerklike gemeenten yn Noardeast-Fryslân wurkje gear

21 mrt 2019 - 18:02

Acht protestantske gemeenten yn Noardeast-Fryslân sille tenei mear gearwurkje. It giet dan bygelyks om it beroppen fan dûmnys, de oanstelling fan tsjerklik wurkers en it opsetten fan aktiviteiten mei elkoar.

Tsjerke - Foto: Shutterstock.com

Neffens de tsjerken giet it om in unike gearwurking, it soe de earste wêze yn Nederlân. Der is trije jier oer praat. De oanlieding foar de gearwurking is it emeritaat fan dûmny Bernard Keizer. Keizer wie ferbûn oan in tal tsjerken yn Noardeast-Fryslân.

De gearwurkingsoerienkomst wurdt op 4 april tekene.

(advertinsje)