Durk Stoker hâldt hoop op sit Earste Keamer: "It mei eins net mislearje"

21 mrt 2019 - 17:22

Neffens de prognoaze fan it ANP ferliest de Onafhankelijke SenaatsFractie (OSF), dêr't de FNP ek ûnder falt, syn iennige sit yn de Earste Keamer. Mar OSF-foarsitter Durk Stoker is drok oan it rekkenjen en hy hâldt hoop op in sit: "We sitte dertsjinoan, tink ik."

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Durk Stoker

De 570 Steateleden fan alle provinsjes kieze op 27 maaie de leden foar de nije Earste Keamer. En dat is yngewikkeld, want in Steatelid yn Súd-Hollân telt dêrby swierder as in Steatelid út Seelân: domwei om't der yn Seelân folle minder minsken wenje. En de OSF, in gearwurkingsferbân fan regionale partijen út ferskate provinsjes, hat dan it probleem dat de regionale partijen it yn Noard- en Súd-Hollân net goed dien ha woansdei.

"It wurdt dus krap", jout Stoker ta. "We moatte ôfwachtsje." Syn partij hat de kiesdieler krekt net helle. "Mar it is mar in ferskil fan in pear stimpunten. Dêrom tink ik dat we de restsit krije kinne."

Prate mei Groninger Belang

Yn Fryslân hat de regionale partij, de FNP, it wol goed dien: fjouwer sitten. Yn Grinslân hat it Groninger Belang trije sitten pakt, mar dêrfan is noch net dúdlik op wa't se stimme by de Earste Keamer. "Miskien op de OSF, mar miskien ek wol op Code Oranje fan Annemarie Heite."

Sy set har yn Grinslân bot yn foar dupearren fan de gaswinning. "As Groninger Belang har yn de Earste Keamer krije kinne, dan hiene se dat dien. Mar se binne ek lid fan de OSF. Dêr wurdt oer praat, dus dat komt fêst goed."

En wa soe dan eventueel foar de OSF yn de Earste Keamer komme? Bernard Minderhoud, in riedslid út Súd-Hollân, is de listlûker fan de OSF. Mar it is noch mar de fraach oft hy it ek wurdt. "Der hat in kieskommisje west en dy hat in list makke", leit Stoker út. "It bestjoer leit dy list foar oan de lederied, dy't no sneon is. We moatte sjen hoe't it komt, mar it is net te ferwachtsjen dat in ôfdieling dy't net yn de Steaten komt, wol de senator leveret."

De Steateferkiezingen binne eins ferkiezingen foar de Earste Keamer wurden.

Durk Stoker

De regionale partijen dienen it oer de hiele line net goed woansdei. Stoker hat dêr in ferklearring foar: "De Steateferkiezingen binne eins ferkiezingen foar de Earste Keamer wurden. Dan komt it lanlik geweld opsetten. As lokale partijen ha we net genôch macht om dêr tsjinyn te gean. Dat is skande, mar wol de realiteit."

In oplossing hat Stoker lykwols net. "Ik wit net oft je dat foarkomme kinne. We moatte ús beriede op hoe't dat oer fjouwer jier komt. Mar de media waard no yn alles oerspield troch lanlike dingen, lanlike minsken en lanlike partijen."

Positiver as it ANP

Mar wat dy sit foar de Earste Keamer oanbelanget, dêroer is Stoker positiver as it ANP. "Dy iene sit komt der grif. Je moatte realistysk wêze, mar we sitte der sa tichteby. Dat mei eins net mislearje. We dogge der alles oan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)