Zonderland kwalifisearret him yn Doha foar rekstôkfinale

21 mrt 2019 - 16:52

Turner Epke Zonderland hat him by de wrâldbekerwedstriid yn Doha as fjirde pleatst foar de rekstôkfinale. Zonderland helle mei syn oefening in skoare fan 14,100 punten. De Kroäat Tin Srbic hie de heechste skoare: 14,333 punten. Milad Karimi út Kazachstan (14,300) en de Rus Alexei Rostov (14,133) waarden twadde en tredde.

Foto: Orange Pictures

As Zonderland de finale oan de rekstôk wint, is dat syn tredde wrâldbekerwinst. Dat soe betsjutte dat er him kwalifisearret foar de Olympyske Spelen yn Tokio takom jier. Dat ticket op namme rekket er kwyt as er him by de WK letter dit jier pleatst mei de ploech. Yn dat gefal bepaalt bûnscoach Bram van Bokhoven takom jier mei hokker fjouwer turners hy nei Japan giet. De kâns is grut dat Zonderland by dy fjouwer hearre sil.

In wike lyn wûn Zonderland noch goud op de wrâldbekerwedstriid yn Bakoe.

(advertinsje)