Marco Postma: "Winst BeNe-League kan seizoen enigszins goed maken"

21 mrt 2019 - 16:30

IIshockeyer Marco Postma hat eins noch ien doel: it Nederlânsk Kampioenskip én de BeNe-League winne. Dat slagget dit seizoen yn alle gefallen net, want foar de Nederlânske titel waarden de UNIS Flyers yn de heale finale útskeakele. "Winst in de BeNe-League kan het seizoen nog enigszins goed maken."

De no 35-jierrige Postma spilet freed de earste wedstriid yn de finale fan de BeNe-League tsjin it Belgyske Herentals. Mar as we it mei Postma ha oer dit seizoen, hearst dochs it segryn. "Ik baal nog steeds enorm dat we twee keer in de halve finale zijn uitgeschakeld."

De Flyers hellen de finale fan de beker en it Nederlânsk kampioenskip twa kear krekt net. "En dat zijn we eigenlijk wel aan onze stand verplicht", seit Postma. "Ik vind de mooiste prijs het Nederlands kampioenschap. Ik heb die nu vier keer gewonnen en dat is echt mooi."

Moaiste priis

Coach Mike Nason sjocht it winnen fan de BeNe-League wol as de moaiste priis. "Ik ben een Canadees. De play-offs aan het einde van het seizoen, dat is waar het om gaat. Dat is de mooiste prijs." Marco Postma kin dêr goed yn komme: "Tuurlijk, het winnen van de BeNe-League is het moeilijkste. Je bewandelt de langste weg en dus is het een hele mooie prijs."

De BeNe-League giet no syn fjirde seizoen yn. Ferline jier wûn Den Haag, it jier dêrfoar de Flyers en de earste kear gie de winst nei Herentals. "Je kunt misschien nog wel sleutelen aan deze opzet. Misschien moet je bijvoorbeeld de Nederlands en Belgisch kampioen aan het einde van het seizoen een finale laten spelen. In plaats van een gehele competitie. Als een soort van bonuswedstrijd."

Trainer Postma en ôfskied nimme?

Marco Postma stiet eins hast alle dagen op it iis. Is it net foar in wedstriid of sels traine, dan jout er wol training. Dat docht hy by it regionaal trainingssintrum. De bêste jongeren tusken de tolve en achttjin jier út Amsterdam, Ljouwert, Grins en It Hearrenfean komme nei Thialf foar in training. "Dat is echt harstikke leuk om te doen. Al wil ik later wel met mannen gaan werken, die ambitie heb ik wel. Na mijn carrière dus maar door als trainer bij het eerste? Daar ga ik niet over en bovendien weet ik dat nog niet. Ik weet nog niet wanneer ik stop."

Het is mooi om de BeNe-League te winnen, maar een echte prijs is beide prijzen winnen.

Marco Postma

En dêrmei komme we by in gefoelich punt. "Ik weet echt nog niet of ik na dit seizoen stop of doorga. Beide opties zijn nog mogelijk." Der sit Postma nammentlik wat dwers. "Kijk, ik wil eigenlijk op een mooi moment stoppen. Het is mooi om de BeNe-League te winnen, maar een echte prijs is beide prijzen winnen. De BeNe-League en het Nederlands kampioenschap. Nu is het niet af. Ik weet het gewoon nog niet. Echt niet." As it oan Nason leit, bliuwt er noch wol efkes.

Wa is de favoryt?

Neffens coach Nason en Postma lizze de favoriten echt tichteby inoar. De Flyers wûnen dit seizoen twa kear fan Herentals, mar twa kear pas yn overtime. Herentals wûn de titel yn 2016, de Flyers wiene yn 2017 de baas. Postma: "De laatste vier jaar zie je dat zowel Herentals als de Flyers altijd meedoen voor de prijzen. Ik vind ook dat wij de beste ploegen hebben."

Nason: "Het zal echt een 50/50-wedstrijd worden. Als er al een favoriet is, nou ja, laten wij dat dan maar zijn." Postma: "Herentals is een snelle ploeg, scoort makkelijk, maar ik denk dat wij verdedigend sterker zijn. Ze hebben een wat mindere keeper, wij zijn wat breder. Het wordt een mooie clash."

Marco Postma tsjin Zoetermeer yn 2018 - Foto: Orange Pictures

Karriêre Marco Postma:

  • 1999-2000: Flyers
  • 2000-2001: Krefelder EV ûnder 18 (Dútslân)
  • 2001-2008: Flyers
  • 2008-2010: Nijmegen Devils
  • 2010: Flyers
  • 2010-2011: Ratinger Ice Aliens (Dútslân)
  • 2011-2014: HIJS Den Haag
  • 2014-oant no: Flyers

Statistiken Marco Postma:

  • 718 wedstriden;
  • 265 goals;
  • 678 assists;
  • Measte duels yn ien seizoen: 2009-2010 by Nijmegen Devils (45 wedstriden);
  • Bêste seizoen kwa goals: seizoen 2015-2016. Hy skoarde 0,64 goals de wedstriid foar de Flyers;
  • 2018-2019 is eins syn bêste seizoen: yn trochsneed wie hy by hast trije (2,96) goals de wedstriid belutsen. We ha it dan oer it oantal goals en assists;
  • 39 wedstriden foar Nederlân;
  • berne yn Ljouwert;
  • wennet yn Techum, Ljouwert;
  • 95 kilo;
  • 1,95 meter lang.
Foto: Orange Pictures

Watst allegear witte moatst oer Flyers-Herentals:

  • Herentals is in stêd mei 28.000 ynwenners yn de provinsje Antwerpen yn it noardwesten fan België. De iishockeyklup waard 14 kear kampioen fan België, wêrfan fjouwer kear yn de lêste fjouwer jier;
  • Herentals wûn 12 kear de nasjonale beker fan België;
  • UNIS Flyers en Herentals spilen dit seizoen twa kear tsjin elkoar en twa kear wûnen de Flyers yn overtime;
  • Herentals pleatste him troch yn de heale finale Geleen Eaters út te skeakeljen. Beide ploegen wûnen in kear nei overtime, wêrnei't Herentals it beslissende duel mei 6-4 wûn;
  • Era Renomar HYC Herentals is de folsleine namme fan de klup;
  • Yn de BeNe-League einige Flyers as earste mei 55 punten. Herentals waard twadde mei 53 punten;
  • Herentals skoarde yn 22 wedstriden mear as de Flyers: 166 om 151;
  • Flyers krige wol minder goals tsjin: 51 om 77;
  • De finalesearje giet oer in best-of-five. Dat betsjut dat wa't as earste trije kear wint, winner is fan de BeNe-League. Flyers hat it foardiel fan it earste thúsduel, omdat it as earste einige binne yn de kompetysje. In eventueel fiifde en beslissende duel is dus yn it Thialf-stadion.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De wedstriid Flyers-Herentals is freed fan 20.30 oere ôf live te folgjen fia www.omropfryslan.nl of fia de app. Kommentator is Freark Wijma mei ko-kommentator Lars den Edel.

(advertinsje)