Rinus Buising stapt út GBA-fraksje Achtkarspelen en giet selstannich fierder

Rinus Buising út Twizel stapt fuortendaliks út de gemeenteriedsfraksje fan Gemeentebelangen Achtkarspelen. Hy bliuwt wol yn de ried sitten as selsstannich riedslid.
© Omrop Fryslân
Dat Buising út de gemeenteriedsfraksje stapt, hat te krijen mei de persoanlike ferhâldingen. "De belutsenen witte de eksakte redenen wol. Ik fyn it net nedich om dêr op it stuit in fierdere taljochting op te jaan", seit Buising.
Gemeentebelangen hat trije sitten yn de ried fan Achtkarspelen. Dêr bliuwe no noch twa fan oer. De partij sit ek yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De koälysje fan CDA, ChristenUnie en GBA behâldt in lytse mearderheid: 11 fan de 21 sitten.

Provinsjaal Belang

Buising wie by de Provinsjale Steateferkiezingen fan woansdei ek listlûker fan Provinsjaal Belang Fryslân. De partij krige net genôch stimmen foar in sit yn de Steaten.

Fraksjefoarsitter Vegelin fernuvere

Sierd Vegelin, fraksjefoarsitter fan GBA, is fernuvere troch de stap fan Buising. Neffens Vegelin wiene de ûnderlinge ferhâldingen goed. Hy fynt it net sjyk dat Buising de sit net ynleveret, want yn it húshâldlik reglemint stiet dat it wol de bedoeling is. Wurk sil er der net fan meitsje, want dat hat neffens him dochs gjin doel.
Rinus Buising stapt út GBA