Eilânbewenners stimden by Steateferkiezingen foaral op oare eilanners

21 mrt 2019 - 16:08

Eilânbewenners stimme graach op in bekende. Dat docht bliken út in rûntsje lâns de listen mei stimmen de kandidaat.

Skylge mei op de eftergrûn It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

PvdA'er Teun de Jong fan Skylge krige op syn eilân 244 stimmen, wylst 162 minsken dêr op listlûker Marijke Roskam stimden. Ek Jan Willem Smit fan D66 en Marleen Zorgdrager fan GrienLinks hellen op it eilân mear stimmen as de listlûkers fan har partij.

Op Flylân die Lilane van Randen it better as VVD-listlûker Klaas Kielstra, Van Randen krige 52 stimmen tsjin 40 foar Kielstra.

Op It Amelân hat Albert Huizeling fan 50Plus mear as twa kear safolle stimmen krigen as listlûker Theun Wiersma. Provinciaal Belang Fryslân-kandidaat Jan Wijnberg wie dêr hielendal in útsjitter, hy krige 193 tsjin 14 foar listlûker Rinus Buising.

En op Skiermûntseach stimden 29 minsken op listlûker Marijke Roskam, wylst Wyb Jan Groendijk 46 stimmen krige fan de eilânbewenners.

(advertinsje)
(advertinsje)