Trainingskompleks fan SC Hearrenfean moat opknapt wurde

Sportklup Hearrenfean wol sportpark Skoatterwâld útwreidzje en modernisearje. It moat in trainings- en opliedingskompleks wurde dat klear is foar de takomst en dat konkurrearje kin mei oare betelle fuotbalklups. De klup ûndersiket wat dêr allegearre foar nedich is.
© vheerenveen.nl
Sportpark Skoatterwâld is it thúsbasis fan de amateurs fan v.v. Heerenveen en is yn 1996 yn gebrûk naam. Jong Hearrenfean en de jeugdteams fan de klup traine der ek. It earste alvetal docht dat sûnt 2005 ek, omdat it trainingsfjild by it stadion plak meitsje moast foar Sportstad.
It kompleks is net mear by de tiid, Hearrenfean hat der te min fasiliteiten en fjilden. It moat dêrom sa gau mooglik oanpakt wurde, seit de kluplieding. In wurkgroep ûndersiket wat der barre moat. V.V. Heerenveen en de gemeente binne dêr ek by belutsen.