Foarriedige sitferdieling feroare: PVV ien sit derby, GrienLinks ien minder

21 mrt 2019 - 15:13

Ferlike mei de foarriedige útslach is der noch in wiziging yn de sitferdieling foar Provinsjale Steaten. It like derop dat GrienLinks fjouwer sitten pakke soe en de PVV twa, mar beide partijen steane no op trije sitten.

De wiziging komt troch't de útslach yn Smellingerlân lang om let binnen is. Dêr waard it relative ferskil tusken de partijen minder grut. GrienLinks krige dêr 7,3% fan de stimmen, de PVV 6,5%.

Foar GrienLinks bliuwe de trije sitten noch wol in winst, want de partij hie yn de foarige perioade noch ien sit. Foar de PVV bliuwt it in ferlies, mar no dus minder grut as earst. De partij fan Max Aardema hie fjouwer sitten.

Op in rychje

  • CDA 8 sitten
  • Forum voor Democratie 6
  • PvdA 6
  • VVD 4
  • FNP 4
  • GrienLinks 3
  • ChristenUnie 3
  • PVV 3
  • SP 2
  • D66 2
  • Partij voor de Dieren 1
  • 50PLUS 1

Provinsjaal Belang Fryslân, SGP, Natuurlijk Fryslân en DENK ha net genôch stimmen krigen foar in sit.

Foarriedich

Dit bliuwt in foarriedige útslach. De definitive útslach komt moandei.

(advertinsje)