OSF driget te ferdwinen út Earste Keamer

21 mrt 2019 - 15:08

De Onafhankelijke SenaatsFractie (OSF) rekket nei alle gedachten syn iennichste sit yn de Earste Keamer kwyt, docht bliken út in prognoaze fan it ANP, neidat sawat alle stimmen foar de Provinsjale Steateferkiezingen teld binne.

Hendrik ten Hoeve - Foto: Omrop Fryslân

De OSF is in gearwurkingsferbân fan provinsjale partijen dêr't ek de FNP by oansletten is. Senator Hendrik ten Hoeve fan It Hearrenfean wie út namme fan de partij de ôfrûne fjouwer jier Earste Keamerlid. En dat wie er ek tusken 2003 en 2011. By dizze ferkiezingen wie Germ Gerbrandy listlûker foar de FNP yn de Earste Keamer.

Pas ein maaie wurdt hielendal dúdlik oft de OSF yndie út de Earste Keamer ferdwynt. Dan stimme de 570 leden fan alle Provinsjale Steaten foar de Earste Keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)