Gerbrandy frege as ynformateur foar nij wetterskipsbestjoer

21 mrt 2019 - 14:02

Ald-boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen is frege in nij wetterskipsbestjoer te foarmjen. Hy docht dat op fersyk fan Water Natuurlijk. Dat helle woansdei by de ferkiezingen trije sitten.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Omdat dy partij in gearwurking hat mei de partij Geborgd Natuur komt Water Natuurlijk as grutste út de bus. Geborgd Natuur helle woansdei twa sitten. It is gebrûklik dat de grutste partij de ynformateur freget.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk hat alle betrouwen yn Gerbrandy. "It is in echte 'wetterman' en in goeie bestjoerder. Hy is hiel bekend mei de Friese wetteren." Oft der folle feroarje sil dêr kin Clevering noch neat oar sizze. "By de foarige formaasje hat it CDA de ynformateur levert, mar miskien komme wy op itselde út."

Clevering is ek tige wiis mei de opkomstsifers. De opkomst wie 56,2 prosint, tsjinoer 50,1 yn 2015. Neffens Clevering hat dat te krijen mei dat it Wetterskip mear yn it nijs west hat troch de drûge simmer en de hege wetterpeilen fan de ôfrûne wiken.

Tieneke Clevering oer de ynformateur

(advertinsje)
(advertinsje)