Tytsjerksteradiel hâldt maitiidsmoeting as alternative nijjiersbyienkomst

21 mrt 2019 - 13:36

Gjin nijjiersbyienkomst, mar in maitiidsmoeting yn de gemeente Tytsjerksteradiel, tongersdeitejûn yn Earnewâld. Ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes kinne mekoar moetsje. It is foar it earst dat de gemeente sa'n maitiidsmoeting hâldt.

It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens boargemaster Jeroen Gebben hat de gemeente hjirfoar keazen om't it yn de tiid fan nijjiersresepjes tige drok is. Se woene it dêrom graach oars dwaan yn Tytsjerksteradiel. Dêrom is ek keazen om de byienkomst net yn it gemeentehûs te hâlden, mar op lokaasje yn Earnewâld.

Der binne taspraken en muzyk. Elkenien is wolkom, belangstellenden hoege harren net yn it foar oan te melden. It is neffens Gebben net in feestje fan de gemeente, mar fan de ynwenners.

Boargemaster Jeroen Gebben

(Advertinsje)
(Advertinsje)