Van Kippersluis twivelgefal by SC Cambuur, Steenvoorden skorst

21 mrt 2019 - 13:27

It is noch net wis oft SC Cambuur freed mei Kevin van Kippersluis oantrede kin tsjin FC Volendam. De oanfaller, dy't kluptopskoarer is, gie tongersdei earder fan it trainingsfjild ôf. Hy hat wat lêst fan syn spieren. Ek Matthew Steenvoorden ûntbrekt tsjin de Volendammers. Hy is skorst.

Foto: www.orange-pictures.nl

Trainer René Hake hat goede hoop dat Van Kippersluis wol gewoan spylje kin. "Hij is er een paar weken uit geweest en dat is niet in de koude kleren gaan zitten. Maar we hebben goede hoop dat dat voor morgen goed is. We moeten alleen een kleine slag om de arm houden", sa sei de trainer tongersdei nei de lêste training.

Hake kin gjin berop dwaan op de al langer blessearren Jordy van Deelen, Robert van Koesveld en Issa Kallon. Tyrone Conraad is noch net opknapt fan syn rêchklachten. Andrejs Ciganiks ûntbrekt fanwege ynterlânferplichtingen mei Letlân.

Foarbeskôging René Hake

Utdaging

Yn FC Volendam treffe de Ljouwerters de nûmer fiiftjin fan de earste difyzje. Dochs ferwachtet Hake dat se oanfallend fuotbalje sille. "We moeten een opportunistisch en agressief Volendam verwachten. Zij willen snel naar voren, spelen met veel aanvalslust en dekken snel door. Als je daar onderuit kunt voetballen, kun je in grote ruimtes spelen. Daar ligt de uitdaging."

Neffens keeper Xavier Mous hat de ploech mear fertrouwen, troch de lêste twa oerwinningen op RKC Waalwijk en Jong PSV. "Dat is hartstikke goed geweest. We gaan de komende negen wedstrijden met een goed gevoel in. Maar we moeten ook niet te enthousiast zijn. Tegen Jong PSV was het goed, maar RKC was een draak van een wedstrijd. Jong PSV moet de basis worden."

Foarbeskôging Xavier Mous

Henk de Jong

Mous is, mei ferdigener Jordy van Deelen, de iennige dy't ek takom seizoen ûnder kontrakt stiet yn Ljouwert. Hy krijt dus takom seizoen te meitsjen mei Henk de Jong en Sandor van der Heide. "Ik ken ze niet persoonlijk. Ik heb veel goede verhalen hier gehoord. Iedereen is heel positief en enthousiast. Dus ga ik daar vanuit. Henk de Jong is een vrolijke, sympathieke en enthousiaste vent."

(Advertinsje)
(Advertinsje)