Forum voor Democratie wol meiprate oer koälysje: "Wy ha gjin brekpunten"

21 mrt 2019 - 12:40

Forum voor Democratie nimt syn ferantwurdlikheid en is klear om te ûnderhanneljen oer in koälysje. Dat seit listlûker Maarten Goudzwaard út Ljouwert. Forum is de grutte winner wurden by de Provinsjale Steateferkiezingen yn Fryslân. De partij pakte seis sitten yn de Fryske Steaten.

"We binne hiel bliid mei de útslach", seit Maarten Goudzwaard. "It folk hat in dúdlik sinjaal jûn. We slute gjin inkele partij út. We nimme ús ferantwurdlikheid as partij om oan de slach te gean. We binne der klear foar, we ha der sin oan. Foar ús is in transparante formaasje belangryk."

De partij wie woansdei net yn it provinsjehûs by de útslaggejûn. "We wienen allegear yn Zeist om de kampanje ôf te sluten."

Wat wol de partij yn de provinsje berikke?

"We ha al in skoft in programma klear mei allegear punten, bygelyks oer enerzjytransysje, it feangreidegebiet en noch tal fan oare saken. We binne fan allegear saken op de hichte, saken dêr't we wat mei dwaan wolle. Dêr rinne we no net op foarút. We binne no alle programma's neist elkoar oan it lizzen en ús oan it tarieden."

De partij stiet iepen foar ûnderhannelingen. "It is nuver as je sizze 'we steane iepen foar ûnderhannelingen', mar dit binne allegear brekpunten en no deals. Dêr leauwe we net sa yn. We binne net sa fan it útsluten."

Foto: Omrop Fryslân

Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie

Yn Harns ha in soad minsken stimd op Forum voor Democratie. Ferslachjouwer Onno Falkena gie op syk nei de stimmers yn it havenstedsje. Neffens ien fan de stimmers giet tefolle jild nei it klimaat en dat wie foar him reden op FvD te stimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)