Wytstirnzen krije by De Westereen in briedeilân

De Westereen krijt in briedeilân foar wytstirnzen (visdiefjes). It eilân jildt as kompensaasje foar it ferfallen fan briedgelegenheid op it dak fan it Sikkemahûs yn it doarp.
© Staatsbosbeheer
Op de hege, platte dakken fan dy wengroep bretten alle jierren sa'n 50 pearkes wytstirnzen, goed beskerme tsjin foks en rôt. Troch it fernijen fan de dakken binne dy aanst net mear geskikt foar de fûgels.
It nije briedeilân komt flakby it Sikkemahûs, midden yn natuergebiet De Sweagermieden. Dat plak is geunstich om't it net fier fan it âlde plak leit en de fûgels yn dit gebiet nei fretten sykje. It eilân hat in raster om swimmende rôfdieren tsjin te hâlden en wurdt 120 kante meter grut. It wurdt mei ankers op syn plak hâlden.
It pleatsen fan briedeilannen foar wytstirnzen is earder al dien yn Seelân, dêr binne de ûnderfiningen goed.