Gemeenten dogge ûndersyk nei flugge fytsrûte yn Súdeast-Fryslân

Fiif gemeenten yn Súdeast-Fryslân wolle mei-inoar it fytsen yn de regio befoarderje. Der wurdt in stúdzje dien nei in flugge fytsrûte tusken It Hearrenfean en Drachten.
Gemeenten dogge ûndersyk nei flugge fytsrûte yn Súdeast-Fryslân
De gemeenten Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân en de beide Stellingwerven hawwe ôfspraken makke om mei de provinsje te soargjen dat der flugge fytsrûten komme, dat it toeristysk fytsnetwurk yn de regio fersterke wurdt en dat besteande fytsferbiningen ferbettere wurde.

Duorsumens en sûnens

Hjirmei wolle se it fytsgebrûk stimulearje as duorsume wize fan ferfier en de sûnens fan ynwenners ferbetterje. Troch it fersterkjen fan it regionale en rekreative fytsnetwurk wurde ek belangrike wurk-, ûnderwiis- en iepenbier ferfierlokaasjes mei inoar ferbûn. Fierder meitsje de gemeenten ôfspraken oer bygelyks feilichheid by skoallen en bestriding fan glêdens.
As earste wurdt in saneamde trochfytsrûte Hearrenfean-Drachten ûndersocht. Dêrfoar ha trije gemeenten elk 25.000 euro útlutsen. Fierder is der al finansiering foar ûndersyk nei kwaliteitsferbettering fan rekreative fytspaden.
Fytspaad by De Tynje © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Wethâlder Robert Bakker fan Smellingerlân