Probo Dokkum op 'e nij by de bêst groeiende bedriuwen

21 mrt 2019 - 10:31

It Dokkumer bedriuw Probo stiet op 'e nij yn de Top 250 Groeibedrijven. Op dy list binne Nederlânske bedriuwen te finen dy't yn de perioade 2014-2018 alle jierren op syn minst in groei fan tweintich prosint hân hawwe.

Probo sit sûnt 2010 op in bedriuweterrein oan de westkant fan Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

It giet dan om omset en/of wurknimmers. Ferline jier stie Probo ek al yn de list. It bedriuw makket ynnovative printprodukten en is de grutste wurkjouwer fan Dokkum.

Trefwurden: 
Dokkum Probo
(Advertinsje)
(Advertinsje)