Krekt wat minder Friezen oanwiisd op in WW-útkearing yn febrewaris

De ôfname fan it tal minsken yn Fryslân dat oanwiisd is op in WW-útkearing giet minder hurd omleech as de ôfrûne jierren. Dat meldt it UWV. De delgong set noch wol troch, want yn febrewaris hiene hast hûndert Friezen minder in WW-útkearing nedich.
© ANP
Benammen de soarch soarget foar de ôfname, yn dy sektor is in grut ferlet oan minsken. Ek yn Grinslân en Drinte naam it tal WW-útkearingen ôf, yn Grinslân krekt wat mear en yn Drinte like folle as hjir.