GrienLinks wint trije sitten; "kiezer kiest foar klimaat"

21 mrt 2019 - 09:58

GrienLinks hat by de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten fjouwer sitten helle. Dat is in winst fan trije. Neffens listlûker Matthijs Sikkes-van den Berg wie it klimaat fral in tema foar de kiezer.

"It giet foaral oer it klimaat, dat is in haadtema dat lanlik spilet en provinsjaal, eins oer de hiele wrâld. Oan de iene kant hast Forum voor Democratie, dy set him dêr tsjin ôf en docht yn myn eagen oan bangmakkerij en hat de feiten net goed. En dan hast GrienLinks oan de oare kant, wy wolle in bettere wrâld achterlitte foar ús bern en bernsbern."

"Minsken binne foar of tsjin, op basis fan wat politisy sizze. Ik fyn dat we dêr in ferantwurdlikheid yn hawwe om it hiele en earlike ferhaal te fertellen, sadat minsken dêr in ôfwaging oer meitsje kinne."

(advertinsje)