Deputearre Sietske Poepjes: "It krûpt hieltyd mear nei elkoar ta kwa sitten"

21 mrt 2019 - 09:34

"It is in moai resultaat," sei deputearre Sietske Poepjes oer de útslach fan har partij, it CDA. Dy partij helle by de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten acht sitten, dat is ien minder as fjouwer jier lyn.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit Rijpma

"Ik bin hiel bliid dat we dit helle ha. It is wol sa dat dizze útslach sjen lit dat der net hiele grutte en lytse partijen mear binne. It krûpt hieltyd mear nei elkoar ta kwa sitten. As politisy moatte we goed mei elkoar oparbeidzje om ta in fruchtbere wurkfoarm foar Fryslân te kommen."

Klappen útdield

De Partij van de Arbeid hat seis sitten behelle. Marijke Roskam, listlûker fan dy partij siet der rêstich by. "Yn it foar hie ik sein, leaver acht sitten. Mar ast sjochst watfoar klappen der útdield binne oan partijen, dan kinne we hjir fierder op bouwe."

Mooglike formaasje

In mooglike formaasje soe wêze kinne: CDA, PvdA, VVD en FNP. Dat soe betsjutte dat de SP ynwiksele wurdt foar de PvdA. Dan komme se op 23 sitten út.

Deputearre Sietske Poepjes en PvdA-listlûker Marijke Roskam

(advertinsje)
(advertinsje)