Hegere opkomst by wetterskipsferkiezingen; útslach hast gelyk oan fjouwer jier lyn

21 mrt 2019 - 08:48

Friezen koenen woansdei net inkeld stimme foar de Provinsjale Steaten, mar ek foar it wetterskip. Dykgraaf Paul van Erkelens makke de útslach tongersdeitemoarn bekend by Wetterskip Fryslân: Trije sitten binne der foar CDA, Water Natuurlijk en PvdA. Twa sitten binne der foar FNP, Lagere Lasten Burger, VVD en ChristenUnie. Partij voor de Dieren hellet ien sit en 50PLUS hellet net ien sit.

De njoggen partijen tingje nei in sit yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

Mei elkoar foarmje 25 leden dat algemiene bestjoer: 18 leden dêrfan wurde keazen. Dy oare sân binne saneamde 'geborgde' sitten fan belange-organisaasjes fan bygelyks LTO, natuerorganisaasjes en in tal bedriuwen.

Hegere opkomst

De opkomst wie heger as fjouwer jier lyn. No wie de opkomst 56,2 prosint, tsjinoer 50,1 yn 2015.

Mei aktuele saken as drûchte en it klimaat is de belangstelling foar it wetterskip tanommen. "Mensen zien dat het waterschap een belangrijke rol speelt en dat is plezierig", seit dykgraaf Paul van Erkelens.

"Griene dingen dwaan"

Tieneke Clevering, listlûker fan Water Natuurlijk is hiel bliid mei de trije sitten. "Ik gun it ús nûmer trije sa. It is fantastysk, no kinne we moaie griene dingen dwaan. Mei de oare partijen kinne we in progressyf blok foarmje en mei it feangreidedosssier en griene oevers oan de gong."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

PvdA wint in sit

"Ik had het niet verwacht, wel gehoopt. Ik ben een gelukkig mens", seit Henni van Asten fan de Partij van de Arbeid. Har partij is fan twa nei trije sitten gien. "We hebben campagne gevoerd voor een groen en sociaal beleid."

De partij wol benammen goede maatregelen nimme tsjin klimaatferoaring. "In stedelijk gebied hebben mensen daar het meeste last, van wateroverlast en hittestress en we willen voor mensen met de laagste inkomens de lasten betaalbaar houden."

Henni van Asten fan de Partij van de Arbeid

(advertinsje)