Kollum "Pronkljipkes"

21 mrt 2019 - 08:39

"Okay, ik moat in bekentenis dwaan. Dizze kollum meitsje ik op woansdei, oerdei, dus jim harkers witte al wa't juster de ferkiezingen wûn ha en wa ferlern en ik kin der dus neat oer sizze. Dus ehm, ik tink lokwinske oan Forum voor Democratie en hè wat jammer VVD of sa? No ja.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Wat ik al in aardichheid fûn, wie de oandacht foar wat yn 'e provinsjes spilet yn 'e oanrin nei de ferkiezingen yn 'e lanlike media. En dan bedoel ik de reportaazjes oer gearkomsten fan regionale partijen. Sa as in ferslach yn De Volkskrant fan in FNP-gearkomste yn disko Sans Souci in Berltsum.

Ik lies: 'De bibel is der neat by, safolle papierwurk is der nedich om op 31 desimber karbidsjitte te kinnen yn Mitselwier'. De jongerein fan Mitselwier wie nei de FNP-gearkomste ta kaam - dochs fjirtich kilometer riden - en de ferslachjouwer fan De Volkskrant fûn it opfallend, dat benammen de Fryske jeugd har sa drok makket oer bedrige âlde doarpstradysjes. "As wy de tradysjes net yn stân hâlde, wa dan?", sa tekenet er op út de mûle fan ien fan harren.

Goed punt. Ik ha foar myn goeie begryp ris even google op Mitselwier en karbid. Dan komst al gau by in Facebookgroep út fan Carbid Team Metslawier - 230 folgers. Gesellige foto's fan jongemanlju - wêr binne de froulju? - dy't harren fleurich opsteld ha om in ynstallaasje hinne fan, ja fan wat. It liket noch it meast op loftôfwargeskut. Tsjokke, lange, donkergriene, stielen buizen dy't skean de loft yn stekke. Oan de útein in oranje bal - dit is fansels wêr't se mei karbidsjitte.

Noch mear gesellige foto's, fan bygelyks in ynstallaasje mei wol tritich giele molkbussen, en ien superbus. Ek allegearre mei oranje ballen der yn. In filmke lit sjen hoe't it wurket - mei in drone of sokssawat is fan boppen filme hoe't de bussen achterinoar sjitte. It sjocht der modern, yndustrieel, en profesjoneel út. Publyk stiet op goeie ôfstân en se ha sûnder twivel in protte wille. In geweldich evenemint en in pronkstik fan Mitselwier.

Mar it wringt. Wat hat bedrige doarpskultuer mei sok loftôfwargeskut te krijen; wêrom moat der minder papierwurk komme as je der sa'n evenemint fan meitsje; en hokker sentiminten spylje hjir no, en wat docht de FNP hjirmei?

Ik moat tinke oan myn heit en myn omke, dy't mei âld- en nijjiersdei yn harren overal strûpe, en nei bûten geane mei elk in lyts klontsje karbid en twa âlde molkbussen, dy't ús pake noch werklik as molkbus brûkt hat. Se sjitte dan in oerke as wat, en elke knal hat in tariedingstiid fan sawat in kertier. Niks yndustry, gjin ôfwargeskut, net profesjoneel. Publyk ha se net, útsein wat famylje en de minsken yn 'e omjouwing dy't de knal hearre kinne. Dát is 'bedrige kultuer', want ik sjoch gjin ien fan 'e bern dit oernimmen op in gegeven momint.

Mar de FNP fynt it prachtich, de jongerein fan Mitselwier, en oarsom ek. Gewoan wat seure oer burokrasy, donderje der noch wat Swarte Pyt, in snúfke Alvestêdetocht en noch wat oar misliedend Frysk-nasjonalisme trochhinne: yn 'e ôfrûne fjouwer jier goed foar fjouwer FNP'ers yn it Provinsjehûs.

Der sitte twa ljippen yn in fûgelkoai fan Artis yn Amsterdam. In koai mei Nederlânske poldernatuer, sa stiet der by. Prachtich gesicht, sûne bisten, dy't foar harren brochje amper wat hoege te dwaan. Mar dizze greidefûgels kinne dêr gjin kant út. De FNP wol gjin hek om Fryslân hinne sette, sa sei FNP'er Kramer yn 'e krante. Mar dat wolle se fansels al. Dat wolle alle nasjonalisten. En sa wurdt Mitselwier in fûgelkoai, mei pronkljipkes, ôfskerme fan 'e boaze bûtenwrâld - en mei de Fryske polder hat it net safolle mear te krijen.

De FNP docht Mitselwier tekoart. Mitselwier moat foaral karbidsjitte sa't se dat dêr dogge. Mar mei steateferkiezingen hat it fansels neat te krijen."

(advertinsje)
(advertinsje)