Swiere taak foar De Jong: 19 spilerskontrakten rinne ôf by Cambuur
Trainer Henk de Jong en technysk manager Foeke Booy kinne oan de bak. De seleksje fan SC Cambuur stiet foar in grutte renovaasje. Der binne yn totaal njoggentjin spilerskontrakten dy't ôfrinne. Der binne mar twa spilers, dy't ek nei dit seizoen ûnder kontrakt steane yn Ljouwert. In oersjoch.
De seleksje fan Cambuur bestiet út 21 spilers, oanfolle mei in oantal talinten út it belofteteam fan de Ljouwerters. Fan dy 21 spilers lizze allinne keeper Xavier Mous en rjochterferdigener Jordy van Deelen langer fêst, nammentlikt oant en mei de simmer fan 2020.
Der binne dus njoggentjin ôfrinnende kontrakten, mar by it grutste part hat de klup in iensidige opsje om it kontrakt te ferlingjen.
Allinne ferdigeners Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder en middenfjilder Kevin Jansen hawwe gjin opsje yn it kontrakt. Datselde jildt foar Nino van den Beemt. De sitewaasje by him is krekt wat oars. Hy is oan it begjin fan dit seizoen taheakke oan de seleksje út de beloften wei. Hy hat in amateurkontrakt.
Fuotballers dy't in opsje yn it kontrakt hawwe, moatte foar 1 april dúdlikheid krije fan de klup wêrby't se ûnder kontrakt steane. It betsjut dus dat Cambuur foar moandei oer in wike oan de spilers witte litte oft se de opsje ljochtsje of net.
Oersjoch kontrakten SC Cambuur
kontrakt oant 'e mei | opsje oan Cambuurkant | |
Keepers | ||
Xavier Mous | juny 2020 | net fan tapassing |
Pieter Bos | juny 2019 | ja |
Ferdigeners | ||
Jordy van Deelen | juny 2020 | net fan tapassing |
Emmanuel Mbende | juny 2019 | ja |
Matthew Steenvoorden | juny 2019 | nee |
Sai van Wermeskerken | juny 2019 | ja |
Robert van Koesveld | juny 2019 | ja |
Robbert Schilder | juny 2019 | nee |
David Sambissa | juny 2019 | ja |
Middenfjilders | ||
Kevin Schindler | juny 2019 | ja |
Daan Boerlage | juny 2019 | ja |
Julian Calor | juny 2019 | ja |
Robin Maulun | juny 2019 | ja |
Andrejs Ciganiks | juny 2019 | ja |
Kevin Jansen | juny 2019 | nee |
Nino van den Beemt | juny 2019 | nee |
Oanfallers | ||
Issa Kallon | juny 2019 | ja |
Matias Jones | juny 2019 | ja |
Nigel Robertha | juny 2019 | ja |
Tyrone Conraad | juny 2019 | ja |
Sam Hendriks | juny 2019 (wurdt hierd) | nee |
Kevin van Kippersluis | juny 2019 | ja |