Bier út Easterwierrum moat Fryske tsjerken rêde
Fryske tsjerken kinne yn de takomst rekkenje op finansjele stipe fan de Fryske bierdrinker. Alteast as se kieze foar ien fan de bieren dy't makke wurde troch de nije bierbrouwer Tsjerkebier yn Easterwierrum.
Tsjerkebier
De brouwerij is opset troch Sipke Dotinga, syn frou en in neef. Mei syn trijen binne se no inkelde moannen dwaande mei de tariedingen en it brouwen fan de earste bierkes. It doel fan de brouwerij is om yn alle gefallen in part fan de opbringst te brûken foar it opknappen fan Fryske tsjerken, mar ek foar it finen fan nije bestimmingen foar de gebouwen.
Tsjerkebier út timmerfabryk
Oarspronklik wie it ek it doel om de brouwerij sels ûnder te bringen yn in tsjerkegebou, mar dat is ûnder oare troch gedoch mei fergunningen net slagge. No is de brouwerij ûnderbrocht yn in eardere timmerfabryk. Dêr wurdt neist it eigen Tsjerkebier ûnder oare ek Grutte Pier bier makke en ferskate oare Fryske merken. Troch de brouwerij ek te brûken foar oare bieren, komt der ekstra jild yn it laadsje.
Dochs is it plan om ea yn in tsjerke te brouwen net loslitten. Sa wol Dotinga besjen oft er mooglik miny-brouwerijen op ferskate plakken yn de provinsje opsette kin.