Wat wol it Forum voor Democratie yn Fryslân?

21 mrt 2019 - 06:10

It Forum voor Democratie is de grutte winner fan de Provinsjale Steateferkiezingen, ek yn ús provinsje. De partij komt as nijkommer mei seis sitten yn de Steaten. Mar wat binne de plannen fan de partij? En wa is listlûker Maarten Goudzwaard?

Maarten Goudzwaard, listlûker Forum voor Democratie Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Maarten Goudzwaard sei dit op 12 maart yn Drachten by de FvD-byienkomst

"Met een team hebben we dertig punten samengesteld. Ik draag de Friese cultuur ook een warm hart toe. Ik heb zelf Friese les gehad op school en dat moet worden blijven toegepast. Friesland is een provincie met mooie cultuur en daar kunnen we zeker trots op zijn. We hebben het nu niet expliciet genoemd in het programma, maar dit neem ik zeker mee als feedback. We gaan er zeker mee aan de slag als we in het provinciehuis zitten."

De partij hat him yn de oanrin nei de ferkiezingen net sjen litten yn de provinsjale debatten. Ek op oare útnûgingen foar ynterviews is Forum voor Democratie net yngien. De reaksjes fan de kollega-politisy binne dúdlik: 'felisitaasjes oan de partij, mar we witte net wa't de minsken binne dy't we aanst treffe yn de Steateseal'.

Op de eigen webside stipt de partij acht ûnderwerpen oan. Hiel konkreet wurdt de partij dêryn net, mar we sette de acht ûnderwerpen op in rychje.

Bestjoer

As it oan it Forum voor Democratie leit, krijt it provinsjebestjoer minder ynfloed. De provinsje hâldt him dan allinnich noch mar dwaande mei 'kearntaken'. Wat dy binne, wurdt net útlein. De kommissaris fan de Kening moat direkt keazen wurde troch de befolking en gemeentlike fúzjes allinnich as de bewenners it wolle.

Wenjen

De partij wol dat de leefberens yn lytse doarpen beholden wurdt. It wenbelied moat ôfstimd wurde op de krimp en it fergriizjen, neffens it Forum. De partij leit net út op hokker wize se dat krekt dwaan wolle.

Enerzjy

It Forum wol in goed miljeu, mar wol net dat der wynmûne- en sinneparken oanlein wurde. De provinsje mei him wat de partij oanbelanget ek net dwaande hâlde mei de enerzjytransysje.

Ynfrastruktuer

As it oan it Forum voor Democratie leit, wurdt it iepenbier ferfier binnen de provinsje better, mar ek nei de plakken bûten de provinsje, lykas de Rânestêd en Dútslân. Boppedat moatte der 'snelfytspaden' komme.

Undernimme en wurk

Forum voor Democratie wol dat der bedriuweterreinen komme mei moderne foarsjennings. Fryslân moat ek oantreklik wurde foar toerisme, want dat smyt wurk en jild op. Dêrom wol de partij de 'kulturele ynfrastruktuer' fan LF2018 behâlde en útbouwe en fan de Ofslútdyk in ikoanysk monumint meitsje en eksploitearje litte.

Belestingen

De partij fynt dat de provinsjale belestingen, de opsinten, omleech kinne. Ek wolle se minder subsydzjes. Om hokker subsydzjes it giet, leit de partij net út.

Lânbou

Oan de iene kant seit Forum voor Democratie dat it Fryske lânskip oantreklik is, mar se wolle ek minder 'beheinende provinsjale regeljouwing' foar de agraryske sektor. Bedriuwen dy't ferpleatst wurde moatte fanwegen romtlike oardering, wol de partij in 'adekwate fergoeding' jaan. En se wolle gjin duorsumensbelied mear.

Natuer en rekreaasje

Hjirby werhellet de partij stânpunten dy't by de foarige ûnderwerpen ek al oan de oarder kamen: gjin wynmûnen, fan de Ofslútdyk in monumint meitsje en de agraryske sektor yn stân hâlde, yn balâns mei rekreative gebieten. Foar it feangreidegebiet wol de partij ûnder oare dat it sleatwetterpeil allinnich yn 'spesifike gebieten' omheech giet, al spesifisearret de partij net hokker gebieten.

Thierry Baudet en Theo Hiddema op in partijgearkomste yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wol algemiene ideeën dus, mar oer de útfiering jout de partij noch gjin dúdlikens.

En dan is it mar de fraach oft der wat fan de plannen terjochte komt, want yn de earste reaksjes binne ûnder oare Roskam (PvdA) en Kielstra (VVD) net entûsjast oer in eventuele gearwurking mei Forum. Al seit Sander de Rouwe fan de grutste partij, it CDA, noch wol: "Eltse partij moat meidwaan."

Listlûker Maarten Goudzwaard

Dan de listlûker: want wa is Maarten Goudzwaard? Oer him is ek net in soad dúdlik. De Fryske politisy dy't woansdei by de útslaggejûn wiene, kenne Goudzwaard noch net.

Wat witte we wol? Goudzwaard is 39 jier, wennet yn Ljouwert en wurket goed fyftjin jier yn de telekom- en fersekeringsbrânsj. In goede wike foar de ferkiezingen liet er him foar it earst sjen, doe't de lanlike foarmannen fan de partij yn De Lawei yn Drachten wiene.

(advertinsje)