Forum grutte winner Steateferkiezingen, CDA bliuwt grutste partij

21 mrt 2019 - 07:00

It Forum voor Democratie is de grutte winner wurden by de Provinsjale Steateferkiezingen yn Fryslân. De nijkommer fan listlûker Maarten Goudzwaard pakt seis sitten yn de Fryske Steaten. It CDA bliuwt de grutste partij mei acht sitten, ien minder as fjouwer jier lyn. Dat is de stân fan saken nei 87,3% fan de stimmen teld.

De Partij van de Arbeid hat ek seis sitten, likefolle as Forum dus. Dat is in ferlies fan ien. Dochs wie de partij tefreden, want lanlik giet it yn de peilingen al in skoft net goed mei de sosjaaldemokraten.

Bliidskip by de PvdA - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit Rijpma

Nei de PvdA folgje de VVD, FNP en GrienLinks mei elk fjouwer sitten. Foar de VVD is dat in ferlies fan twa, foar GrienLinks in winst fan trije. De FNP bliuwt gelyk.

Ek de ChristenUnie hat likefolle sitten as fjouwer jier lyn: trije.

SP, PVV en D66 ferlieze

Trije ferliezers binne SP, PVV en D66. Dy hiene fjouwer jier lyn respektyflik fiif, fjouwer en trije sitten. De kommende perioade moatte se it mei twa dwaan.

Partij voor de Dieren en 50PLUS ha elk ien sit en bliuwe dêrmei gelyk.

Fjouwer partijen dy't net yn de Steaten komme, binne Provinsjaal Belang Fryslân, Natuurlijk Fryslân, SGP en DENK.

Op in rychje

  • CDA 8 sitten
  • Forum voor Democratie 6
  • PvdA 6
  • VVD 4
  • FNP 4
  • GrienLinks 4
  • ChristenUnie 3
  • PVV 2
  • SP 2
  • D66 2
  • Partij voor de Dieren 1
  • 50PLUS 1

Provinsjaal Belang Fryslân, SGP, Natuurlijk Fryslân en DENK ha net genôch stimmen krigen foar in sit.

(advertinsje)