Ynhâldlike behanneling moardsaak Van Seggeren útsteld

20 mrt 2019 - 21:32

De saak tsjin de widdo fan Van Seggeren sil net ynhâldlik behannele wurde op 9 april. Dat hat de rjochtbank besletten. De frou wurdt fertocht fan de moard op har man Tjeerd van Seggeren yn july 2017. It lichem fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren waard oantroffen yn in stik greide by De Westereen.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De rjochtbank jout gjin reden foar it útstel fan de behanneling. Dy sil jûn wurde op 9 april want dan sil der wol in rezjy-sitting wêze. Dan sil ek in nije datum bekend makke wurde.

It hat hiel lang ûndúdlik west oer wat der krekt bard is. Omrop Fryslân makke earder in oersjoch fan de saak Van Seggeren. Der binne meardere senario's trochnaam en der binne meardere fertochten oanhâlden. Yn jannewaris fan dit jier is in Dútske man oanhâlden, it is de eks-freon fan de widdo fan Van Seggeren, mar dy is koart lyn frijlitten. De man bliuwt foarearst noch wol fertochte yn de saak Van Seggeren.

Advokaat fan de widdo fan Van Seggeren

(advertinsje)
(advertinsje)