LIVEBLOG: 87% teld, CDA de grutste, foar Forum en PvdA

21 mrt 2019 - 04:44

Fryslân koe woansdei stimme op de Provinsjale Steaten. Hokker partij hat de measte stimmen binnenhelle? Folgje alle útslaggen en reaksjes live. Op ús ferkiezingskaart binne foar alle gemeente alle stimmen te sjen.

4:34
Utslaggekaart Fryslân
4:32
87,3% teld

Yntusken is 87,3% fan de stimmen teld yn Fryslân. Der is, ferlike mei de foarige tuskenstân, neat feroare yn de foarriedige sitferdieling:

  • CDA 8 sitten
  • Forum voor Democratie 6
  • PvdA 6
  • VVD 4
  • FNP 4
  • GrienLinks 4
  • ChristenUnie 3
  • PVV 2
  • SP 2
  • D66 2
  • Partij voor de Dieren 1
  • 50PLUS 1

Provinsjaal Belang Fryslân, SGP, Natuurlijk Fryslân en DENK ha net genôch stimmen krigen foar in sit.

3:49
We wachtsje noch

Fan alle Fryske gemeenten hat allinnich Smellingerlân de stimmen noch net teld.

3:11
Forum grutte winner

Goed 70 persint fan de stimmen is teld. It CDA bliuwt de grutste partij yn Fryslân, mar Forum voor Democratie is de grutte winner. Sy pakke as nijkommer seis sitten. Dat is twa minder as it CDA en likefolle as de PvdA.

In oare grutte winner is GrienLinks. Dy partij giet fan ien nei fjouwer sitten yn de Steaten.

Lês mear: Forum grutte winner Steateferkiezingen, CDA bliuwt grutste partij

2:20
Opsterlân no ek

De PvdA bliuwt de grutste yn Opsterlân, foar it CDA. Forum voor Democratie is de tredde partij. De opkomst yn Opsterlân wie 60,3%.

2:06
Eaststellingwerf binnen

Yn Eaststellingwerf binne de measte stimmen gien nei Forum voor Democratie. Dêrnei komme CDA en PvdA, dy't beide wol flink wat stimmen ferlieze. De opkomst yn Eaststellingwerf wie 58,9%.

1:32
Weromsjen

De útstjoering fan Fryslân Kiest op telefyzje sit derop. Kinst 'm hjirûnder weromsjen:

1:13
Ljouwert en Súdwest-Fryslân

De útslach fan de gemeente Ljouwert is no definityf. De Partij van de Arbeid bliuwt de grutste. Dêrnei komme Forum voor Democratie en GrienLinks.

Yn Súdwest-Fryslân is it CDA it grutst, foar Forum en PvdA.

1:09
Kommissaris Arno Brok
1:06
Wer trije gemeenten

Der komme wer trije gemeenten binnen: Weststellingwerf, Achtkarspelen en De Fryske Marren. Yn alle gemeenten is it Achtkarspelen is it CDA it grutst en oeral is Forum voor Democratie de grutste winner. De folsleine útslach fynst yn de útslaggekaart boppeyn dit liveblog.

0:59
Habtamu de Hoop (PvdA)
0:57
Trije nije útslaggen

Yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en Waadhoeke geane de measte stimmen nei it CDA. Oeral is de opkomst in lytse 60%.

0:47
Romke de Jong (D66)
0:40
Sietze Schukking (Natuurlijk Fryslân)
0:36
Sander de Rouwe (CDA)
0:34
LIVE: Fryslân Kiest op TV
0:33
Rinie van der Zanden (PvdD)
0:31
Ljouwert op 95%

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert komt mei de útslach fan syn gemeente nei 95% fan de stimmen teld:

  • PvdA 18,3
  • FvD 13,1
  • GL 11,4
  • CDA 9,9
  • VVD 9,0
  • SP 6,2
  • FNP 5,6
  • D66 5,5
  • PVV 5,3
  • PvdD 4,9
  • CU 4,8
  • 50PLUS 3,1
  • Natuurlijk Fryslân 1,0
  • DENK 0,3
  • SGP 0,3
  • Provinsjaal Belang: noch net bekend
0:17
Haaije de Jong (SGP)
0:13
Rinus Buising (Provinsjaal Belang Fryslân)
0:11
Matthijs Sikkes-van den Berg (GL)
0:10
Klaas Kielstra fan de VVD
0:06
Utslach Amelân binnen

It CDA ferliest flink op It Amelân, mar bliuwt dêr wol de grutste. Forum voor Democratie twadde, VVD tredde. Sjoch foar alle oant no ta bekende útslaggen op ús ferkiezingskaart.

0:00
Michiel Schrier oer ferlies SP
23:47
FvD grutste yn Harns

De stimmen yn de gemeente Harns binne teld: Forum voor Democratie is it grutst mei 17,5%. Dêrnei komt PvdA mei 15,7% en dan CDA mei 14,3%.

23:44
Wiebo de Vries (CU)
23:40
Cees fan de FNP oer wêrom't it no sa lang duorret
23:31
Hearrenfean is binnen

Yn de gemeente Hearrenfean bliuwt de PvdA de grutste, foar VVD en CDA. It Forum voor Democratie wurdt de fjirde partij. De opkomst is 59,1%.

23:23
Tuskenstân Ljouwert

Nei hast 70% fan stimmen dy't teld binne is dit de top fiif:

  1. PvdA 18,3%
  2. Forum voor Democratie 13,2%
  3. GrienLinks 11,8%
  4. CDA 9,5%
  5. VVD 8,7%

De opkomst yn Ljouwert wie hast 54%.

23:18
Utslach Skylge

Op Skylge is VVD de winner, foar PvdA en Forum voor Democratie. De opkomst is 61,5 persint.

23:22
FNP oer Forum voor Democratie: "Soarchlik"

"It is soarchlik dat it sa kin." Dat seit Corlienke de Jong fan de FNP oer de opkomst fan Forum voor Democratie. "Ik ha se noch noait sjoen. Ik wit net wa't it binne."

23:15
Hans Konst: "Neitinke oer losse ferkiezingen Earste Keamer"

Forasitter Hans Konst fan de PvdA merkt op dat de ferkiezingen foar provinsjale steaten hieltyd minder oer de provinsjes geane, omdat de steateleden de leden fan de Earste Keamer kieze. Konst pleitet foar losse ferkiezingen foar de Earste Keamer. Partijfoarsitter Theo Joosten fan it CDA is it net mei him iens. Losse ferkiezingen soene de Earste Keamer tefolle macht jaan, seit er.

23:18
Joosten (CDA) oer exit-polls
23:14
Nije gasten

Trije nije gasten oan tafel by Fryslân Kiest: Corlienke de Jong (FNP), Hans Konst (PvdA) en Theo Joosten (CDA) Sjoch mei: https://www.omropfryslan.nl/live/omrop-fryslan-tv

23:12
FNP werom duorret sa lang mei de útslag?
23:09
Efkes wat oars, de bumper
23:06
Joop Atsma fan it CDA oer de earste keamer
23:06
Joop Atsma: "Unbegryplik dat we net mear witte"

Neffens Earste Keamerlid Joop Atsma (CDA) liket it wol as kinne Friezen net telle, sa lang duorret it foardat der mear dúdlikheid komt. "Unbegryplik." Atsma seit ek dat it gjin ferrassing is dat de koälysje de mearderheid ferliest yn de Earste Keamer. "It is net de fraach oft we ferlieze, it is de fraach hoefolle."

22:57
22:54
Avine Fokkens (VVD) oer kompromissen
22:50
Theun Wiersma (50PLUS)
22:45
Charda Kuipers: "Sikkes is onze lijsttrekker"
22:37
Trije nije gasten

No oan tafel by Fryslân Kiest: Fenna Feenstra (SP), Avine Fokkens (VVD) en Charda Kuipers (GrienLinks)

Sjoch mei!

Foto: Omrop Fryslân
22:35
Germ Gerbrandy (FNP): "Ik fyn it net goed regele, it moat oer Fryslân gean"

Germ Gerbrandy (FNP) is kandidaat keamerlid foar de OSF. Mar neffens him geane de ferkiezingen te bot oer de lanlike tema's. "Ik fyn it net goed regele. It moat oer Fryslân gean."

22:36
22:30
Reaksje CDA Sander de Rouwe
22:23
Johannes Kramer: "Lanlike debatten moatte ôfskafd wurde"

Johannes Kramer (FNP) seit dat lanlike debatten ôfskafd wurde moatte. Dêr giet it net oer provinsjale tema's, seit er. Sietske Poepjes (CDA) is it dêr net direkt mei ûniens. "Dêr moat mar ris in ferstannich persoan nei sjen. "

22:20
Oer de FvD
22:17
Spanning en drokte op it provinsjehûs
Foto: Omrop Fryslân, Gerrit Rijpma
22:14
Harry van der Molen: "It bliuwt hiel spannend"

Yn de exitpolls liket de koälysje yn de Earste Keamer de mearderheid te ferliezen. Neffens Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA) betsjut dat dat der mei mear partijen praat wurde moat, om wetten te meitsjen. Mar it ferlies falt him ta. Yn eardere peilingen wie it grutter, sei er. "Salang't der gjin echte útslaggen binne, bliuwt it spannend."

22:15
Poepjes, Roskam en Kramer
Foto: Omrop Fryslân
22:07
Lutz Jacobi
22:02
Trije haadrolspilers

By Andries Bakker en Jan Durk de Haan skowe daliks trije haadrolspilers oan: Sietske Poepjes (CDA), Marijke Roskam (PvdA) en Johannes Kramer (FNP). Hjir kinst meisjen!

21:38
Flylân ek binnen

Dêr is de VVD de grutste mei 26 persint fan de stimmen, foar de PvdA en Forum voor Democratie. De opkomst is dêr 51,6 persint.

21:28
Stimburo Nij Franjum yn Marsum
21:26
Skiermûntseach is binnen!

Skiermûntseach is de earste fan Nederlân! Se joegen de útslach om 21.22 oere ôf.

  1. PvdA 18,2%
  2. VVD 13,1%
  3. CDA 12,9%
  4. Forum voor Democratie 11,6%
  5. GrienLinks 11,0%
  6. Partij voor de Dieren 6,4%
  7. PVV 6,2%
  8. ChristenUnie 5,1%
  9. SP 4,5%
  10. FNP 4,2%
  11. D66 3,0%
  12. 50PLUS 1,1%
  13. DENK 0,4%
  14. Provinsjaal Belang 0,4%
  15. SGP 0,4%
  16. Natuurlijk Fryslân 0,2%

772 minsken mochten stimme op Skiermûntseach. Uteinlik waarden 531 stimmen útbrocht, wêrfan 7 blanko en 3 ûnjildich. Dat is in opkomst fan 68,8 persint.

By de lêste ferkiezingen, de gemeenteriedsferkiezingen fan 2018, wie Skiermûntseach ek de earste: doe om 21.13 oere. Ek by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2017 en de Steateferkiezingen fan 2015 pakte Skiermûntseach de 'winst'.

21:24
En it Wetterskip dan?

Jûn of fannacht wurdt de útslach fan de Provinsjale Steaten bekend. Foar de útslach fan Wetterskip Fryslân moatte we wachtsje oant moarn 8.15. Dy wurdt dan live op Omrop Fryslân Radio bekend makke.

21:05
Gasten op de radio

Op de radio binne trije nije gasten oanskood by Andries Bakker en Jan Durk de Haan: Atze Jan de Vries (Ljouwerter Krante), Pieter Atsma (Friesch Dagblad) en Onno Falkena (Omrop Fryslân)

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
21:00
It tellen kin begjinne!

De stimbussen wiene iepen oant 21.00 oere. It tellen fan de stimmen kin begjinne! We hâlde jo op de hichte: op radio, op ús webside en app en fan 22.00 oere ôf op telefyzje.

20:55
Radioútstjoering

Yn it provinsjehûs presintearje Andries Bakker en Jan Durk de Haan it spesjale ferkiezingsprogramma. Oant 22.00 oere op radio, dêrnei ek op telefyzje. Meiharkje kin hjir.

(advertinsje)
(advertinsje)