Wetterskip en provinsje: gjin gemaal yn eigen behear fan boeren

20 mrt 2019 - 20:34

Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân wegerje twa boeren by Frjentsjer in gemaal yn eigen behear ha te jaan. De boeren wolle dat graach sadat se sels it wetterpeil om harren lân ferleegje kinne. Mar dat wolle de provinsje en it wetterskip no krekt net. Dy besykje al jierren fan it selsstannich ûnderbemeallen fan greide en lânbougrûn ôf te kommen, dat seit in wurdfierder fan de provinsje woansdei by in rjochtsaak by de Ried van Steat.

Kij yn de greide - Foto: Shutterstock.com

In melkfeehâlder en in bouboer freegje om it bystellen fan it ynrjochtingsplan foar Frjentsjerteradiel-Harns. Mei dat plan wurkje de provinsje en it Wetterskip oan duorsum behear fan in grutskalich peilgebiet tusken Harns en Frjentsjer. It stribjen is om ferdrûging en it sâlt wurden fan de grûn tsjin te gean. Dêrom is der in wat heger wetterpeil fêststeld. De measte boeren ha dêr gjin problemen mei, mar dizze twa wol om't harren lân leger leit as dat fan de oare boeren.

"Wij wonen in een putje. Straks staat het water 25 centimeter hoger in de sloten. Het enige dat wij vragen is voor onze laaggelegen landerijen een gemaaltje voor extra onderbemaling. Dat hoeft maar 10 centimeter extra te zijn. Onze buren hebben daar geen enkele last van, omdat alleen onze landerijen lager liggen," seit de melkfeehâlder.

Sâlte grûn

Mar de provinsje en it Wetterskip wolle der net oan, want se ha krekt hûnderten fan dit soarte fan gemaaltsjes opromme. Underbemealling soe liede ta it sâlter wurden fan de grûn.

"De komende jaren is verzilting een groot probleem, mede door de bodemdaling in het gebied (46 cm). Om die reden moet de waterstand hoger blijven anders wordt bij droogte het zoute water omhoog gezogen en ontstaat er veel vaker oogstschade. En dat komt steeds vaker voor. Vorige zomer dachten een heleboel agrariërs dat zij meer droogteschade hadden, maar dat bleek verziltingschade. De wortels stierven af door het zout", dat seit de wurdfierder fan de provinsje.

Maatregels

De provinsje en it Wetterskip Fryslân nimme allegearre maatregels om skea troch in heger wetterpeil en it sâlter wurde fan de grûn foar te kommen. Sa wurde der op ferskate plakken spesjale 'verziltingsdrainages' oanlein.

De Ried fan Steat docht oer inkelde wiken útspraak.

(advertinsje)