FIDEO: IepenUP waarmet op foar de útslaggejûn

20 mrt 2019 - 19:30

IepenUP Live komt woansdeitejûn mei in spesjale ferkiezingsedysje. De wyklikse talkshow is dêrom dizze kear net yn poppoadium Neushoorn, mar yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Yn it programma kinne de minsken meisjen efter de skermen en wurdt der praat mei jonge kandidaten op de listen foar de Provinsjale Steateferkiezingen.

Jeffrey Graansma is 19 jier en stiet op de list foar de PVV en Niels Jacobi is 17 jier en komt op foar it CDA. Hoe komt it dat dizze jonge politisy sa ynteressearre binne yn de polityk en hoe tinke se oare jongeren te belûken by de polityk?

Fierders folgje we mei boargemaster Ferd Crone it slutingsproses fan in stimburo en sjogge we mei by it úteinsetten fan it tellen fan de stimmen.

Alle woansdeis steane yn it programma IepenUP Live de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar, Neushoorn Café en LF2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)