Tryater werom yn Zalen Schaaf mei foarstelling

20 mrt 2019 - 19:19

De nije foarstelling fan Tryater wurdt spile yn Zalen Schaaf, de âldste teäterseal fan Ljouwert. Tagelyk is it ek it plak dêr't it profesjonele toanielselskip eartiids begûn is. Eartiids hie Tryater dêr premjêres en hâlde dêr kantoar. Tryater wie foar it lêst te sjen mei in foarstelling yn Zalen Schaaf yn 1993.

Foto: Tryater

Tryater spilet in moanne lang it stik mei de lange titel: Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op, ûnder regy fan Tamara Schoppert. It is skreaun troch de Flaamske skriuwer Arne Sierens yn in Flaamsk dialekt, dat is oerset yn inselde soarte folks-poëtysk Frysk troch Peter Sijbenga.

Zalen Schaaf yn Ljouwert wurdt foar dizze komeedzje omtovere ta âlde feestseal 'De Rialto'. Spilers yn dit stik binne Aly Bruinsma, Joop Wittermans, Robin Bodde, Anna Raadsveld, Rik Witteveen en Eelco Venema. Tryater spilet it fan 28 maart oant en mei 20 april.

(Advertinsje)
(Advertinsje)