Stimme foar minderfaliden: hoe lestich is dat?

20 mrt 2019 - 18:31

Foar minderfaliden is stimme dreech. Lang net alle stimburo's binne sa oanpast dat minsken mei in beheining der maklik by komme kinne en selsstannich stimme kinne. Nei in ûndersyk fan de gemeente Ljouwert hat bliken dien dat op it stuit net alle 79 stimburo's oan de easken foldogge. In pear stimburo's binne oanpast. Om te sjen hoe't dat der yn de praktyk útsjocht gie Omrop Fryslân mei Theo Willemsen en Pieter Licht te stimmen.

Theo Willemsen út Koarnjum is folslein blyn en hat dêrom syn frou meinaam te stimmen. "Mei stipe fan myn frou Tiny is stimmen net spannend, dy is mei my mei. Dan giet dat goed. Wy dogge it tegearre. Yn it foar oerlizze wy wat sy ynfolje sil."

Pieter Licht út Ljouwert sit yn in rolstoel en hat al meardere kearen meimakke dat it lestich wie om by in stimburo nei binnen te kommen. "Voorheen was het wel eens lastig, maar als het goed is hebben ze het dit jaar verbeterd." Hy fertelt dat der somtiden treden foar de doar binne of dat de doar te smel is. "En in de hokjes waar je in moet stemmen zijn de planken weleens te hoog. Het zijn kleine dingen, maar het maakt het wel moeilijker."

Stimburo's oanpast

Nei oanlieding fan it ûndersyk fan de gemeente is by 14 stimburo's yn de gemeente Ljouwert in bel by de doar pleatst, spesjaal foar hendikepte stimmers.

Hilda Snippe fan Werkgroep Toegankelijk Leeuwarden sjocht ek dat net alle stimburo's tagonklik binne en makket dit ek sels mei. Se fynt it hiel goed dat de gemeente Ljouwert no rekken hâldt mei minsken yn in rolstoel troch bellen te pleatsen, mar dat hâldt net yn dat alle problemen oplost binne. Se hâlde bygelyks net rekken mei de breedte fan de rolstuollen en bygelyks de hichte fan it stimhokje.

Dêrneist wurdt der amper rekken hâlden mei bline minsken. Hilda moat bygelyks altyd ien meinimme as se te stimmen giet om't se sels net it hokje ynkleurje kin. Earst mocht se har partner net meinimme yn it hokje en moast ien fan it stimburo har hokje ynkleurje. No mei har partner dan wol mei, mar Hilda wol it leafst sels stimme kinne. Se moat altyd mar op oaren fertrouwe dat dy it goeie ynkleurje.

(advertinsje)
(advertinsje)