Ferwûne man yn Ljouwert oanhâlden yn sikehûs

20 mrt 2019 - 17:50

Plysje Ljouwert krige woansdei in melding oer in ferwûne persoan oan de Wirdumerdyk yn Ljouwert. Foarearst waard der fan in stekpartij útgien. De ferwûne man krige help fan meiwurkers fan in fastfoodketen oan de Wirdumerdyk. Dy ha doe 112 belle.

Foto: SRfotografie

De man is nei it sikehûs tabrocht. Der die bliken dat de man licht ferwûne wie. De plysje hat de man oanhâlden op fertinking fan it dwaan fan in falske melding.

(advertinsje)
(advertinsje)