Henk de Jong: "It fielt as thúskommen"

20 mrt 2019 - 17:20

Elkenien wist it eins al, mar Henk de Jong en Sandor van der Heide binne woansdei offisjeel presintearre as nije trainers fan SC Cambuur foar it nije seizoen. Dat barde op de Bedriuwen Kontaktdagen yn it WTC yn Ljouwert.

Ynterfjoe Henk de Jong

It fielt as thúskommen, seit Henk de Jong. Woansdei is hy offisjeel oankundige as nije trainer fan SC Cambuur. Dat der al langer oer praat waard, is neffens De Jong net wier. Hy stie op it punt syn kontrakt by De Graafschap te ferlingjen, doe't hy om privee-omstannichheden derfoar keas om it tichteby hûs te sykjen.

"Tsjintwurdich is it frjemd om jo kontrakt op te sizzen. Minsken tinken der fan alles fan." Dêrnei pas naam Cambuur kontakt op mei De Jong. "Dêr hie ik direkt in goed gefoel by."

Dat der wat barre moat by Cambuur, dêr stiet De Jong nochter yn. "It seizoen is noch net ôfrûn. René (Hake, red.) kin noch in goeie slach meitsje. René docht ek gewoan syn bêst. Miskien kinne se noch wol gekke dingen dwaan."

Ynterfjoe Sandor van der Heide

Sandor van der Heide hat der nocht oan. Dat hy no fan de earedifyzje nei de earste difyzje giet, sjocht er hielendal net as in stap werom. "Wij kunnen nu bouwen aan iets heel moois, ook met de komst van het nieuwe stadion. Ik heb 18 jaar bij Cambuur gezeten en toen is er wel vier of vijf keer sprake geweest van het nieuwe stadion. Dat het nu komt en dat ik daar bij mag zijn en de club naar een hoger niveau mag proberen te tillen, is zeker geen stap omlaag."

Johan Schikker, RfK

De foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen, Johan Schikker, wie bliid mei it oanlûken fan De Jong en Van der Heide. "Dit is een hele bijzondere dag, vooral gezien de toekomst", fertelt Schikker. Der moast neffens de RfK wat barre binnen de klup. "Het was flets en gelaten. Dat sloeg over binnen de hele club. We moeten meer kleur op de wangen krijgen, zowel op het veld als er omheen."

Neffens Schikker is der ferline wike foar it earst kontakt west mei De Jong en Van der Heide en net earder. "We hebben pas afgelopen week, nadat we met René Hake hebben gesproken, contact gezocht met Henk en Sandor. We hebben een paar hele goeie gesprekken gehad met elkaar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)