Tim Douwsma sil mei syn Elske gearwenje... yn Fryslân?

20 mrt 2019 - 16:42

Elkenien komt wer werom nei Fryslân: Henk de Jong, Sandor van der Heide... en ek Tim Douwsma. De Fryske sjonger makke op Falentynsdei bekend dat er hiel lokkich is mei syn Elske. En Elske komt út Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens roddelblêd Story soenen se sels byinoar wenje wolle. En dan is it fansels de fraach wêr't it stel dat dwaan sil.

Op Instagram skriuwt er: "Hey mensen, ik reageer nooit op pers. Mijn vriendin en ik zijn samen op zoek naar inderdaad wellicht een plek in Friesland om te gaan samenwonen. Wilde ik tocht even zeggen haha. Het verhaal in de Story is dus goed."

Oan Omrop Fryslân hat er woansdei lykwols witte litten dat se nei in moai plakje yn Fryslân sykje.

Trefwurden: 
Fryslân Tim Douwsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)