Beswieren fan A7-blokkearders tsjin dna-opslach komme foar de rjochter

20 mrt 2019 - 15:38

De beswieren fan njoggen A7-blokkearders komme nije wike tongersdei foar de Ljouwerter rjochtbank. De minsken hawwe beswier makke op grûn fan de Wet DNA-ûndersyk. It giet om it ferwurkjen fan ôfnommen selmateriaal ta in dna-profyl.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Boppedat wolle de njoggen beswiermakkers net dat it dna-profyl opslein wurdt yn de lanlike dna-databank. Advokaat Tjalling van der Goot hat de beswierskriften yntsjinne. De behanneling foar de rjochtbank is op 27 maart moarns en nét tagonklik foar publyk.

Alle dizze A7-blokkearders binne feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren, omdat se op 18 novimber 2017 by De Jouwer op de sneldyk A7 it ferkear tsjinholden.

Yn dizze file stiene ek trije bussen mei anty-Swarte-Pyt-demonstranten dy't ûnderweis wiene nei Dokkum foar de yntocht fan Sinteklaas.

Trefwurden: 
rjochtbank DNA A7blokkearders
(advertinsje)
(advertinsje)