Syryske tigers yn Nijeberkeap ferstjerre koart nei inoar 

20 mrt 2019 - 15:30

De twa tigers út it Syryske Aleppo dy't sûnt 2017 yn opfangsintrum Felida yn Nijeberkeap ferbleaunen, binne beide ferstoarn. Trije moannen lyn moasten de fersoargers nei ôfnimmende sûnens ôfskied nimme fan Sayeeda, no is ek Sultan ferstoarn.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De ôfrûne wiken fernamen de fersoargers dat de sûnens fan tiger Sultan ôfnaam. De bistedokter konstatearre nierfalen, itselde wat se earder ek by tiger Sayeeda seagen.

It opfangsintrum en de bistedokter mienden dat ûnderfieding yn har jonge jierren de oarsaak is fan de minne nieren. Om't Sayeeda net mear better wurde koe ha se trije moanne lyn de tiger ynsliepe litten. No't ek Sultan slim syk waard en net mear better wurde koe, ha se ek besletten Sultan ynsliepe te litten.

"We zijn gebroken, alweer. Sultan was zó bijzonder, hij heeft zóveel meegemaakt en we deden alles wat we konden om hem een kans te geven. Wat zal hij gemist worden door iedereen die zijn redding uit Syrië mogelijk gemaakt heeft en hem een leven bood met positieve ervaringen. We zijn jullie daar dankbaar voor en het spijt ons dit verdrietige nieuws nu met jullie te moeten delen", lit Stichting Viervoeters witte op harren Facebookside.

De tigers binne yn 2017 út in bistetún yn it Syryske Aleppo wei nei opfangsintrum Felida yn Nijeberkeap kaam. De beide bisten wiene slim ferswakke doe't se dêr oankamen. Nei in pear wiken yn it opfangsintrum gie it earst better mei de tigers. Dochs rêden de bisten it net.

Barbara van Genne fan Felida oer de tigers

Trefwurden: 
Tigers Felida Nijeberkeap
(advertinsje)
(advertinsje)