LIVE: Sjoch nei de presintaasje fan Henk de Jong by SC Cambuur

Henk de Jong wurdt presintearre as nije trainer fan SC Cambuur. Tegearre mei assistint Sandor van der Heide nimt De Jong it yn Ljouwert oer fan René Hake, fan wa't it kontrakt net ferlinge wurdt.
Parsemomint Henk de Jong
De Jong wie earder al yn tsjinst by Cambuur (2011 oant 2016), as assistint-trainer, ynterim-haadtrainer en haadtrainer. Ein 2016 waard er haadtrainer by De Graafschap. De Jong nimt yn Ljouwert it stokje oer fan René Hake.