Bestjoerder rydt mei 200 kilometer oer de Centrale As

De plysje hat tiisdeitejûn nei in wylde rit oer de Centrale As in bestjoerder oanhâlden. De plysje waard earder op de jûn attindearre op de bestjoerder dy't yn Dokkum mooglik ûnder ynfloed yn in auto fuortriden wie. Yn Damwâld koe er lang om let oanhâlden wurde.
De Sintrale As © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It die bliken dat de persoan syn rydbewiis skorst wie. Nei in stopteken fan de plysje trape de bestjoerder it gaspedaal flink yn en helle snelheden om de 200 kilometer yn de oere hinne.
Meardere ienheden fan de plysje achterfolgen de bestjoerder. Om't dy gefaarlik ried, is besletten om him mei in ûnopfallende wein te folgjen. Yn in dearinnende strjitte yn Damwâld is er klemriden.
De bestjoerder, in 31-jierrige ynwenner fan Damwâld, waard oanhâlden. Hy fersette him bot en is yn de boeien oerbrocht nei Ljouwert.
Twa tsjinstweinen rekken licht skansearre en ek in persoane-auto is rekke.