Mear brannen yn Fryslân ferline jier, mar brânwacht gauwer teplak

20 mrt 2019 - 14:24

Nei in jierrenlange delgong fan it tal brannen yn de provinsje, wiene der yn 2018 wer mear brannen. Dat docht woansdei bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Foar in soad minsken binne de gefolgen fan de drûge, waarme simmer fan ferline jier noch te fernimmen. No is dus ek oan de sifers te sjen dat der mear brannen west ha. Neffens it CBS hat de hjitte simmer soarge foar in taname fan it tal berm- en natuerbrannen en dêrtroch ekstra ynset en langere oanrydtiden.

Foto: Omrop Fryslân

Dat lêste is yn Fryslân trouwens net it gefal, yn tsjinstelling ta it lanlike sifer. Ek al wiene der yn 2018 mear brannen as it jier derfoar, yn Fryslân hiene de oanrydtiden dêr net fan te lijen.

De gemiddelde tiid tusken in melding by de brânwachtsintralist en de oankomst by de brân naam yn 2018 sels wat ôf.

Tusken 2013 en 2017 gie it tal minuten dat de brânwacht nedich hie om teplak te wêzen fan 8,5 naar 9,6 minuten. Yn 2018 duorre it gemiddeld 9,5 minút foardat de brânwacht by de brân wie, dus wat koarter as it jier derfoar.

Trefwurden: 
brânwacht CBS
(advertinsje)
(advertinsje)