Haadsponsor Dijkstra Draisma jier langer ferbûn oan SC Cambuur

20 mrt 2019 - 13:35

Boubedriuw Dijkstra Draisma bliuwt ek takom jier haadsponsor fan SC Cambuur. It kontrakt tusken beide partijen wurdt foar ien jier ferlinge mei in opsje foar noch in jier. Dijkstra Draisma giet hjirmei it tsiende jier yn as haadsponsor fan de Ljouwerter fuotbalklup.

De beide partijen binne bliid mei de ferlinging fan it sponsorkontrakt, sa fertelt algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur op de webside fan de fuotbalklup. "We hebben met elkaar gemeen dat we altijd beter willen worden en voorop willen lopen op het gebied van duurzaamheid en innovatie. Daar gaan we een mooi vervolg aan geven met het nieuwe stadion als grote katalysator."

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
(Advertinsje)
(Advertinsje)