"Ferwyldere katten yn natuergebieten net ôfsjitte, mar opfange"

20 mrt 2019 - 13:19

Katte-opfang Bastet yn Muntsjesyl sil besykje alle wylde katten yn natuergebieten yn It Lege Midden te fangen. Dat is ôfpraat mei de provinsje, dy't earder ynsette op it ôfsjitten fan wylde katten yn natuergebieten.

Foto: Onbekend

Ofsjitte giet de meiwurkers fan Bastet te fier. Sy sille de katten fange en dêrnei kastrearje of sterilisearje. De katten wurde net weromset yn it natuergebiet. Der wurdt besocht se te pleatsen by partikulieren, dêr't se frij omrinne kinne en gjin skea oanbringe kinne oan de natuer.

Neffens de provinsje binne der sa'n 1200 wylde katten yn de natuergebieten. "Ik denk dat er een stuk minder zijn", seit Wendie Hol fan Bastet. "Omdat het vooral boerderijkatten zullen zijn en niet echt de verwilderde kat." It ferskil sit him neffens Hol yn it feit dat de earste groep wol in eigener hat en de twadde groep net.

Gjin bedriging

Ferwyldere katten foarmje gjin bedriging foar greidefûgels, seit Hol. "Ik ga echt niet ontkennen dat een kat niet een keer een weidevogel zal pakken, maar de weidevogel heeft veel grotere vijanden. Denk aan de mensen zelf, vossen, kraaien, eksters, roofvogels, steenmarters, gewone marters."

It fangen fan de katten is foarearst in proef. By sukses hopet Hol dat de provinsje mear subsydzje jaan wol, om hiele Fryslân oan te pakken en úteinlik ek hiel Nederlân.

Wendie Hol fan katte-opfang Bastet

(advertinsje)