Reidproef yn Lauwersmargebiet mei trochgean fan Raad van State

20 mrt 2019 - 12:47

It wetterpeil yn it Lauwersmargebiet mei tydlik ferhege wurde troch Wetterskip Fryslân en it Grinzer wetterskip Noorderzijlvest. Dat hat de Raad van State woansdei besletten. Boeren en rekreaasje-ûndernimmers hawwe harren bot ferset tsjin dizze saneamde reidproef.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Sy binne benaud foar it sâlter wurden fan de grûn, ferswakking fan de kaden en skea oan fundearrings. De peilferheging set takom jier yn febrewaris útein en duorret dan seis wiken. De proef duorret yn totaal twa jier.

De wetterskippen hoopje dat troch de peilferheging it reid yn de Lauwersmar wer groeie sil, wat goed is foar de fûgelstân. Neffens de Raad van State binne de effekten fan de reidproef foldwaande ûndersocht troch saakkundigen.

Deputearre Johannes Kramer

(advertinsje)