Opkomst ferkiezingen leit om 12.00 oere op 12 prosint

20 mrt 2019 - 12:13

Om 12.00 oere lei de opkomst foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten en it wetterskip yn Fryslân op 12 prosint. De heechste opkomst wie yn de gemeente Dantumadiel. Dêr kaam mar leafst 23,3 prosint nei de stimbus. Op It Hearrenfean wie dat it minste mei 7 prosint.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

In oersjoch fan alle gemeenten:

Achtkarspelen: 10%

It Amelân: 20%

Dantumadiel (Noardeast-Fryslân): 23,3%

De Fryske Marren: 15%

Harns: 12,3%

Hearrenfean: 7,6%

Ljouwert: 11%

Eaststellingwerf: net bekend

Opsterlân: 13%

Skiermûntseach: 20%

Smellingerlân: net bekend

Súdwest-Fryslân: 12%

Skylge: 17%

Tytsjerksteradiel: 13%

Flylân: 21%

Waadhoeke: 11,3%

Weststellingwerf: 9%

En fansels binne ek de ferkiezingen fan it wetterskip. Dêrfoar binne yn de measte gemeenten krekt wat legere opkomstpersintaazjes.

(advertinsje)