Folgje de presintaasje fan Henk de Jong by SC Cambuur live by Omrop Fryslân

20 mrt 2019 - 11:55

SC Cambuur presintearret dizze woansdei om 15.30 oere de nije trainer: Henk de Jong. Dy presintaasje is streekrjocht by Omrop Fryslân te folgjen op de app, website en Facebook.

Ek assistint-trainer Sandor van der Heide komt werom by Cambuur. De beide manlju tekenje nei alle gedachten foar trije jier.

De Jong wie earder al yn tsjinst by Cambuur (2011 oant 2016), as assistint-trainer, ynterim-haadtrainer en haadtrainer. Ein 2016 waard er haadtrainer by De Graafschap. De Jong nimt yn Ljouwert it stokje oer fan René Hake.

(advertinsje)