Grut part fan ôfspraken oer opromjen kontenertroep wurdt útfierd

20 mrt 2019 - 11:14

De opromaksjes foar kontenertroep op de Waadeilannen steane no fierhinne yn de steigers; 95 prosint fan wat hjiroer ôfpraat is, wurdt no útfierd. Dat seit Henk Middendorp fan Rykswettersteat dy't ien en oar koördinearret.

Yn febrewaris is in saneamd 'maatregelenpakket' makke oer hoe't de kommende 18 moannen mei it ôffal omgien wurdt. Mar as der mear tiid nedich is, giet it opromjen gewoan troch. It measte wurk wurdt dien troch oannimmers dy't betelle wurde troch de fersekerder fan de MSC Zoe, it skip dat begjin jannewaris 345 konteners boppe de Waadeilannen ferlear.

Meikoarten komt in ynternetside online dêr't de fuortgong op te folgjen is en wêr't mooglik noch frijwilligers nedich binne.

Henk Middendorp fan Rykswettersteat is goed te sprekken oer hoe't de reder en fersekerder harren oant no ta opstelle, mar der moatte noch wol "puntsjes op i" set wurde. Dan giet it ûnder oare om ynspeksjerûtines, it pleatsen fan konteners en ynformaasjebuorden en de beskikberheid fan ôffalpûden foar miljeujutters.

Henk Middendorp

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)