Realisaasje nije soarchwyk Finke yn Koudum stiet faai

20 mrt 2019 - 10:54

It is noch mar de fraach oft de nije soarchwyk De Finke 3.0 yn Koudum trochgiet. Yn de wyk by wensoarchsintrum De Finke moat ûnder oare in multyfunksjoneel gebou komme foar aktiviteiten, sûnenssoarch, dei-opfang en in sosjaal kafee. It konsept is betocht troch it doarp yn gearwurking mei soarchgroep Patyna en Talant, mar dy lêste hat him út it projekt wer weromlutsen.

Neist it nije multyfunksjonele gebou bestiet it plan foar de wyk ek út ûnder oare 24 apparteminten foar minsken mei in ferstanlike beheining. Dy soene realisearre wurde troch soarchorganisaasje Talant. Mar omdat dy net genôch bewenners foar de apparteminten fine kin, lûkt Talant him werom út it projekt.

Talant die dat flak foardat Patyna de boufergunning foar De Finke 3.0 yntsjinje soe by de gemeente Súdwest-Fryslân. "Ik bin dêr min oer te sprekken en dat haw ik se witte litten ek", seit programmamanager Machiel Talsma fan Patyna.

Soarchorganisaasje Patyna sil no besjen oft der in oare organisaasje meidwaan wol, sadat de soarchwyk yn Koudum der wol komme kin. It plan wurdt in fazen boud. Sa kinne de minsken dy't no wenje op it terrein fan de Finke der bliuwe. Neffens Patyna moat de folsleine nijbou ein 2021 klear wêze.

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Reaksje fan Talant

Talant lit yn in ferklearring witte dat de animo ûnder har kliïnten om yn Koudum te wenjen en te wurkjen te lyts wie om troch te gean mei it projekt. "Het zou onverantwoord zijn om al op voorhand zorggeld te investeren in leegstand", sa lit Talant witte.

De soarchynstelling hat wol in skiednis yn it doarp, want tsien jier lyn ferhuzen kliïnten fan Talant út it eardere gesinsferfangend tehûs Galemahiem fan Koudum nei Boalsert. It doel wie dat dy kliïnten tydlik yn Boalsert wenje soene, mar yntusken binne se dêr woartele en wolle se net mear nei Koudum werom. "Talant betreurt het besluit, maar kan niet anders", seit wurdfierder Gerard Akkerman.

Ynte Kooistra fan Stichting De Kas yn Koudum lit witte dat er 'tige teloarsteld' yn de opstelling fan Talant. "As je fjouwer jier mei-inoar yn petear binne en je lûke je sa let wer werom, dat liket nergens op."

Stichting De Kas stribbet noch hieltyd nei in foarsjenning yn Koudum foar âlderein én foar ferstanlik handikapten. Se wize der op dat de foarsjenning net allinnich foar it doarp Koudum is, mar ek foar de wide omjouwing, wêrûnder ek de stêden Starum en Hylpen.

"It kin net sa wêze dat der yn dy regio hielendal gjin soarch mear is", seit Kooistra. Patyna is dat mei him iens.

Ferslachjouwer Onno Falkena wie hjoed yn De Finke yn Koudum

Trefwurden: 
Patyna Talant Koudum Finke
(advertinsje)
(advertinsje)