Kollum "Oars"

20 mrt 2019 - 08:56

"Ik tocht earst dat ik it hjoed net oer de ferkiezings ha woe, want de harkers wurde de hiele dei suver omfier blaasd troch allegear ferslachjouwers dy't absolút net witte wat se freegje moatte. Oan stimmers, politisy, stimburofoarsitters.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Stimburofoarsitters? Ho. Hjir yn De Gaastmar gean ik aanst te stimmen. En de foarsitter fan it stimburo dêr is Cees van Mourik. Eardere VVD'er, oergien nei de FNP. Dêr provinsjaal foarsitter fan wurden. Dy't al sein hat, dat as it net goed giet mei de FNP hjoed, dat hy dan wer ophâlde sil. Wy ha ôfpraat as Gaastmarders dat as we yn it hokje steane en we stimme gjin FNP, dat we dan roppe: "Kinst wol nei hûs, Cees!".

Stomme ferkiezings. Yndertiid hat Johan Rudolf Thorbecke it allegear krekt ferkeard dien. Doe wie it wol moai. Hy hie as Swollenaar fansels de regio wat omheech lutsen. Sa waarden de provinsjale steateferkiezings... ja, dêr sit ik. Wat is it Fryske wurd foar 'getrapte' ferkiezings. Getrapt. Trape? Nee, dat dogge se by Hearrenfean njonken de bal. Eeeh. Trept? Ljeddere? Nee, eeeh. Wy ha der gjin wurd foar. Friezen hâlde net fan 'getrapt'. Rimmer Mulder hie de oplossing, hy hat der yn de Ljouwerter in hollânsktalich stikje oer skreaun.

Getrapte ferkiezings hâldt yn dat je op in partij stimme yn Fryslân en dat dy lju dy't yn de Steaten komme dan wer stimme op Earste Keamerleden. Rimmer Mulder neamt dat útgongspunt fan Thorbecke ûnsin. Hy hat gelyk. De kampanjes foar hjoed ha ek sjen litten, dat it ek folslein twa ferskillende wrâlden binne.

Tagelyk moatte je de âlde Thorbecke ek wat yn eare litte: it moat wol wat de fine fleur fan Nederlân wêze dy't de Earste Keamerleden beneame, want oars wurdt it krekt sa'n soadsje as yn de Twadde Keamer. Mar it gedoch dat aanst de FNP-stimmen yn Fryslân foar de Earste Keamer miskien wol it alderwichtichst binne foar hoe't it yn it lân fierder giet, dat is yndied ûnsin.

It is in ellenlange diskusje. Dy't nea ta in ein komme sil. Om't we it moarn wer fergetten binne, dat we der hjoed lêst fan hienen. It is in selde diskusje as oer wintertiid of simmertiid. Dy ha we ek noch altyd beide. Sa sil it by dizze provinsjale ferkiezings ek moatte. Mar dan net mear getrapt. Elkoar oanfoljend eins. Twa stimbiljetten.

Op de iene it provinsjale ferhaal. Kinne dy listen ek wat oanpast wurde, want de boppesten fan de Fryske listen hoege dan net mear yn steat te wêzen de goeie krúskes by de goeie Earste Keamerlju te setten. Want we ha dernjonken folweardige Earste Keamerferkiezings. Net elkenien sil it dwaan, mar dêr moatte de partijen dan wol de earbiedweardige lju op harren list sette, dy't sjen kinne oft de wetten fan de Twadde Keamer wol doge en oerienkomme mei harren gewisse.

Dan soene je sizze kinne, dat dogge we op twa ferkiezingsdagen. Foar de kampanjes, it byld nei de minsken ta, soe dat logysker wêze. Mar nóch in ferkiezingsdei? Wurdt neat. Sjoch mar aanst yn maaie. By de Europeeske ferkiezings bliuwt der mar tsien persint oer. En dat binne dan meast ek noch de hjirhinne emigrearre Britten.

Ien dei. De lju dy 't inkeld mar provinsjaal tinke en stimme wolle, binne der dan dochs. En dy lju dy't inkeld mar yn kleurde jaskes fan harren partij omrinne, dy dogge it Fryske ferhaal derby. Mar dan kinne je ek provinsjaal op de iene partij stimme en lanlik op in oare. Dan bepale josels wêrop't je stimme by de Earste Keamer, en wurdt dat net bepaald yn de achterkeammerkes fan de FNP of Provinsjaal Belang of sa.

Trouwens net twa stimbiljetten, mar trije. Wetterskip Fryslân. Dêr soene dan gjin partijen op stean moatte, mar minsken. Behear fan wetter is net polityk, dat is in mienskiplik belang. Kinne we dan net better efter de kompjûter stimme, as we dochs dwaande binne ús medisinen of boartersguod te bestellen? Nee, dat kin hjir wis net, want yn Fryslân kinne we dêr net mei omgean. We sitte hjir mei de measte gatten yn it dataferkear.

Gesellich. Gewoan nei it stimburootsje. Nei Cees van Mourik. Bin benijd."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)