Foarsitter Kern van Cambuur oer nij trainersduo: "We gaan mooie dingen bereiken"

20 mrt 2019 - 08:19

Henk de Jong en Sandor van der Heide, dy't woansdeitemiddei presintearre wurde as it nije trainersduo fan SC Cambuur, sille derfoar soargje dat it nije stadion fan de klup fol komt te sitten. Dat is de oertsjûging fan Kees Elzinga, foarsitter fan supportersferiening Kern van Cambuur.

Foto: AWfoto

Henk de Jong tekenet woansdeitemiddei in kontrakt by de Ljouwerter klup, nei alle gedachten foar trije jier. Hy wurdt dêrmei de ferfanger fan René Hake, dy't oan de ein fan dit seizoen fuortgiet by Cambuur. De Jong nimt Sandor van der Heide mei as assistint-trainer. De twa binne op dit stuit noch aktyf by De Graafschap.

Kees Elzinga achtet De Jong en Van der Heide der ta yn steat, dat sy soargje kinne foar de goede ynstelling by de spilers. "Het is niet lekker, maar ze moeten eigenlijk het kunstgras opvreten." Neffens Elzinga sil der wer attraktyf fuotballe wurde ûnder lieding fan De Jong en Van der Heide.

Elzinga rekkenet derop dat Cambuur mei it nije trainersduo op termyn promovearret nei de earedifizje. Dat slagge de klup ek yn de eardere perioade dat Henk de Jong de haadtrainer wie.

Kees Elzinga, foarsitter fan supportersklup Kern van Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)