Kommissaris Brok en dykgraaf Van Erkelens op Flylân úteinset mei ferkiezingstoernee

It sil net ien ûntgien wêze, woansdei kin der stimd wurde op Provinsjale Steaten en it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Reden foar kommissaris fan de Kening Arno Brok en dykgraaf Paul van Erkelens om troch de hiele provinsje te reizgjen en yn alle gemeenten in stimburo te besykjen. Se begûnen moarns op Flylân en sille jûns einigje yn Ljouwert.
Brok en Van Erkelens setten de dei útein op Flylân by boargemaster Tineke Schokker, mei in moarnsbrochje op it gemeentehûs. Dêrnei giet it mei de boat nei Skylge, It Amelân en Skiermûntseach. Ut Lauwerseach wei sille de kommissaris en de dykgraaf fierder mei de auto nei de oare fjirtjin gemeenten yn Fryslân. "It leuke is om gewoan alle frijwilligers te moetsjen op de stimburo's en alle boargemasters of lokoboargemasters", seit Brok. "En om dêrmei ek omtinken te freegjen foar dizze wichtige ferkiezings."
Brok sil him by de ferkiezingstoernee net tefolle rjochtsje op de lanlike belangen. "Wy binne foar it Wetterskip, foar de provinsje Fryslân, foar ús provinsjaal bestjoer, foar ús bestjoer fan ús Wetterskip, dat rint gelyk oan de grins fan de provinsje Fryslân. Wy rinne hjoed foar de Fryske saak. Fansels ús provinsjale parlemint, de Steaten, makket aansten yn maaie ek in kar foar de nije Earste Keamer. Mar dat komt letter, hjoed giet it om Fryslân."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok